Guon ferhalen lêsst út, dochst it boek ticht, lisst it fuort en giest fierder. Oare fertellingen bliuwe by dy. Dat komt net om’tst neifertelle wolst wat der yn bart, mar om’t in byld of in gefoel him net samar loslit. Dat ha ik by Twa skinken, de graphic novel fan Elske Schotanus. It is de byldbewurking fan in âlde Fryske sêge, ferteld oan folksferhalesamler Ype Poortinga troch Roel Piters de Jong, ien fan de fertellers fan wa’t Poortinga ferhalen optekene. Poortinga naam de tekst op yn syn samling folksferhalen De held en de draak.
In nacht dy’t bliuwt
By it lêzen en besjen fan Schotanus har bewurking bin ik net sa bot dwaande mei it ferhaal as gegeven. It is earder oft ik, mear troch de bylden as troch de tekst, in wrâld yngean dy’t ik net hielendal begryp, mar dêr’t ik my yn meifiere lit. Al oan it begjin hinget der wat heimsinnichs oer de foarfallen. Net sa bot in riedsel dat oplost wurde moat, mar eat dat him net folslein ferklearje lit. Oft der njonken myn deistige werklikheid in oare wierheid bestiet dy’t har soms mar in koart momint sjen lit.


Wat my benammen bybliuwt, is de moeting yn ’e herberch – de kearn fan it ferhaal. In plak dat net bestiet, mar dêr’t gesellichheid is en romte foar in mysterieuze moeting. De omjouwing hat wat ljochts en befrijends. Oft it libben dêr efkes net bepaald wurdt troch wat wol en net kin. Haadpersoan Ids moetet dêr syn leafste, dy’t earder yn it ferhaal taastber oanwêzich wie. Mei har bringt er in nacht troch dy’t ynearsten as werklikheid ûnderfûn wurdt, mar har letter oan it deistige libben liket te ûntlûken. It is in moeting dy’t nei mear langje lit, mar net ta in mienskiplik libben liedt. Krekt dat makket de dreamerige sfear foar my sa laden: wat efkes as in nij begjin fielt, draacht al it fertriet fan wat net bliuwe kin.
By it lêzen ûnderfyn ik dy blykber dreamde nacht hast as in ynterval yn ’e tiid. Der is gjin ferklearring nedich. Der is allinnich de moeting, it byinoar kommen. In sfear oft ik dêr earder west ha. Om’t oaren yn it ferhaal sizze dat de herberch net bestiet of al lang ferdwûn is, bliuwt der wat nuvers oan dy sêne. It is oft ik nei in oantinken sjoch dat net fan my is.
De werklikheid lit in spoar nei
It rekket my, om’t ik ek wolris sa’n stimming yn in dream ûnderfine. “Het was hem niet gelukt haar los te laten. Zijn gedachten bleven voortdurend heen en weer slingeren tussen verlangen en haat.” De nacht krijt in wekker ferfolch, as de oare moarns wat taastbers fan dy nacht oan it ljocht komt. De skinken, de Fryske hammen dy’t yn in doarp yn ’e buert besoarge wurde moatten hiene, lizze yn ’e snie. Dat se dêr, op it plak fan de dreamde herberch, wier lizze is genôch. Se foarmje in spoar fan eat dat net te bewizen liket. Wat is werklikheid, wat is dream?
De weemoed fan it deistich libben
En krekt dêrtroch wurdt de sêge foar my mear as in wûnderlik ferhaal. It giet ek oer oantinkens, ferlies en mominten dy’t foarby binne. Under de heimsinnige sfear fiel ik ek wat fertrietliks. De leafde dy’t yn dy nacht sa tichtby liket, krijt gjin ferfolling. It libben giet fierder, mar net sa’tst nei sa’n moeting miskien leauwe soest. Hoopje dat dreamen gjin bedroch binne.


Dat makket de sêge foar my minder in ferhaal oer in wûnder dat de werklikheid oerwint, as oer in langstme dat hiel efkes wierheid wurdt. De dea bliuwt dea. It ferlies bliuwt ferlies. En dochs hat dy moeting der west. In momint hoecht net ivich te duorjen om betsjutting te hawwen. In leafde hoecht net yn it deistige libben fuortset te wurden om wier west te hawwen. Soms bliuwt der allinnich in byld oer. In oantinken. In spoar yn ’e snie.
In ferhaal om yn wei te dûken
De krêft fan Elske Schotanus sit foar my yn de wize wêrop’t sy dy âlde sêge op ’e nij foarmjout. Har manier fan tekenjen makket fan it ferhaal in dreambyld. Mysterieuze en lugubere, hast surrealistyske plaatsjes dy’t sy mei de iPad makke hat. De linen en flakken lykje loskes op papier set, mei hjir en dêr fotografysk materiaal. De eftergrûnen lykje mei in airbrush oanbrocht. De personaazjes op ’e foargrûn hawwe in flechtich karakter. It makket de sfear boartlik en dreamerich, oft ik it ferhaal foar it sliepen gean lês en it my yn ’e fantasy meifiere lit.
Sa bliuwt Twa skinken by my efter as in ferhaal oer leafde, ferlies en de grins tusken dream en werklikheid. Net as in les, mar as in ûnderfining. In nacht wêryn alles efkes mooglik liket. In moarn wêryn de werklikheid weromkomt. En twa skinken yn ’e snie, dy’t sjen litte dat ek it ûnmooglike soms in spoar neilit.
Twa skinken. Grafyske roman, tekst en tekeningen Elske Schotanus. Bewurking fan in Fryske sêge. Utjouwerij DeRyp, 2026.
Tekst in de nederlandse taal

NB allinnich it omslach is fan ‘e hân fan Elske Schotanus, de oare yllustraasjes komme earne oars wei.














































