“allinnich wêze is hearlik / mei al dat missen en wer ôfskie nimmen / eins wol it moaiste dat der is”
Timofei Sofer is in fiktyf personaazje, in 78-jierrige boskarbeider út East-Sibearje. In amateurdichter dy’t ûnder syn iensume tochten troch de taiga syn belibbings poëtysk fêstleit. Edwin de Groot betocht dizze figuer om dit alter ego wurden yn ‘e mûle te lizzen. Hy soe de fûne gedichten út it Russysk oerset hawwe om Sofer fleugels te jaan. “It brûken fan in alter-ego-konstruksje, yn kombinaasje mei de net-fiktyve sitewaasje, joech my – en dat wie myn motivaasje – in riker palet om autobiografyske en beskôgjende saken in oar poadium te jaan en my dêrby fan in oare skriuwstyl te betsjinjen,” seit De Groot oer syn kar. “In soarte fan eksperimint, om sa mar te sizzen.“

It idee om syn tinzen yn de ûneinige wâlden fan Ruslân te pleatsen ûntstie nei it lêzen fan in oerfloed oan Russyske literatuer. Dêrtroch seach Edwin de Groot in wrâld foar him dy’t likegoed belibbe wurde koe troch in Sibearjer dy’t dêr berne en tein is. De houtkapper dy’t begrutsjen hat mei de beam dy’t er omseagje sil. De ienfâldige boskman dy’t djipgeande filosofyske tinzen yn syn deiboek delskriuwt. “yn myn mûle wennet it gelok / fan de smaak fan hjirsa / fan hars en hout op ‘e tonge” Ut dy tinkbyldige observaasjes hat De Groot in relaas smeid yn ekspressive en suggestive dichtregels. It hie wier bard wêze kind, want de oarsprong is oprjocht.
It is in boekje fan handige grutte. Om yn ‘e efterbûse fan de broek mei te nimmen op kuier, of yn ‘e binnenbûse fan de jas ûnder in kuiertocht. Om ûnderweis ris op te pakken en der wer yn te blêdzjen, sittend op in bankje of útstrutsen yn it gers. Mei útsjoch oer leechlân, heide, bosken, iepen plakken en lange leanen. Sa wanje ik my by it lêzen op it plak dêr’t de wurden oer geane: de taiga. De ûneinige bosken, de kâlde nullewâlden, weagjend oer de flakte, lâns it wetter oant yn de heuvels.
Fiktyf personaazje
Hat er dêr ea west, dy tekstdichter, dy poëet? Of hat er him sa djip ynlibbe yn de pleatslike literatuer dat er him dêr yn gedachten oanwêzich fielde? Hy ferpleatst him yn de geast fan in alter ego, in fiktyf personaazje dêr’t yn earste ynstânsje de mystyk fan wêzen en net-wêzen omhinne hinget. De gedachte oernommen, de siel bewenne. De eagen iepene en sjen wat der te sjen falt. Foar de dichter, krekt as foar elke oare keuntsner – skriuwend, byldzjend of musicerend – besteane gjin grinzen. Tûzen kilometer is foar de ferbylding net mear as ien inkelde stap.

De gedachte lit har net beheine, mar fljocht fan east nei west, fan súd nei noard. Men hoecht op in bepaald plak net west te hawwen om him dêr dochs oanwêzich te fielen. Dêryn leit de krêft fan ynlibbing en ferbylding. Wa’t de jefte hat om fierder te tinken as it hjir en no, fierder as lingte en breedte, en sûnder muoite de djipte yn giet, ûntdekt dat de fantasy, it geastesoach, in grutter abstrakt berik hat as de realistyske gedachte. Troch de tekst fan Edwin de Groot kin ik dêrom tusken de beammen yn it bosk wêze, op mysels oanwiisd, mei de Taigagedichten as reisgids troch plak en tiid. Foar in amerij bin ik syn alter ego en klaai ik my yn gedachten waarm oan. Ik bin de houtkapper dy’t de wiksel fan de seizoenen opmerkt, de feroaring yn de natoer en de opwaarming fan de ierde.
Ljochtfuottich en swiersettich
De fersen fan Edwin de Groot lêze as de wyn dy’t troch de beammen fan de taiga rûst. Mar eins hat de wyn gjin lûd. It binne de tûken dy’t troch de wyn yn beweging komme en him in stim jouwe. De wyn libbet him yn yn de beammen, sa’t ik my meinimme lit troch de wurden fan de dichter. Foar in amerij is de wyn de beam. Troch it lêzen wurd ik it alter ego fan de dichter yn syn tige frije fersen. Ljochtfuottich en swiersettich. Skynjend as de ûndergeande sinne, geheimnissich. Mar hy, Edwin?, is gjin filosoof. “ik bin gjin filosoof / ik hak hout / fang sa no en dan in sniehazze / sjit in hart foar de winter”

De boskarbeider hat djippe tinzen en mijmeret foar him út yn de ferbylding fan Edwin de Groot. Hy libbet mei de seizoenen. Hy is in natuerminske. Elk jaargetiid hat syn eigen wurk en syn eigen tinzen. Hoewol’t de beammen him selskip hâlde, is de houtkapper gauris allinne. “men kin oer it net te mjitten lân / it oan-ien-stik-troch-en-troch / de romte, de ûnberonge fiergesichten / gedichten skriuwe fan wol tsientallen siden lang / mei haadrollen foar de grûn, de beammen / de fûgels dy’t mei skynber gemak kilometers meitsje”
De Taigagedichten jouwe romte om sykhelje te kinnen. Om tusken de rigels troch te beskôgjen. Tsjevengoer beneamt my hast de azem. Hastich lit ik my troch de tekst meinimme, dy’t amper lêstekens kent en tagelyk prachtige folsinnen foarmet. De ultrakoarte poëtyske essays foarmje it beslút fan de bondel. Se fertelle oer personaazjes, figueren dy’t elk in eigen ferhaal mei har meidrage. Dêrfoar fûn Edwin de Groot ynspiraasje yn it masterwurk fan Andrej Platonov. Dat spilet him ôf yn de jierren foar, ûnder en koart nei de Russyske Revolúsje: in tiid fan gaotysk oarlochsgeweld, ideologyske betizing en in hast wanhopich langstme nei heil. Platonov syn doelleas omswalkjende personaazjes wurde dreaun troch it leauwen yn de kommunistyske heilssteat, mar tagelyk ek troch djippe fertwiveling, om’t harren ellinde boaiemleas is en it kommunisme harren foar ûnbegryplike riedsels stelt. Yn de wurden fan De Groot werken ik dy ûntwoartele wêzens dy’t omswalkje oant yn de dea. It is in frjemde, mar yndrukwekkende ôfsluting fan in dichtbondel dy’t fan begjin oant ein trochweefd is fan belibbing. In bondel dy’t úteinset mei in ode oan Miklós Radnóti, Hongaarsk dichter en slachtoffer fan de Holocaust. Soe hy, ûnder in oare namme, it alter ego wêze?

Beskôgjende stilte
“poëzij mei ek ûnsjoch wêze / lit it mar gnyskje as bonken yn in kûle / buorrelje as in fersûpte wolf kronkelfol iel / dat de rigels nei it lêzen de oare dei noch / yn dyn klean hingje as matroazekoarre / poëzij moat as in stienmurd koppich dyn hûs besette / sa as de lucht fan dy wiete hûn fan dy maat van dy of / as in wylde kat yn ‘e gerdinen.” Troch de mûle fan B. op besite bij S. wit de dichter syn eigen wurk yn dizze bondel net better te typearjen. Mei dizze dichtregels hie ik myn besprek daliks beëinigje kind. Koart en krêftich seit er hjir wat ik sels besocht haw ûnder wurden te bringen. As wie my it gers foar de fuotten weimeand.
Edwin de Groot libbet him yn en sprekt him út. By it lêzen lit ik myn finger ûnder de rigels meigean om gjin wurd te missen. Nei in gedicht slút ik de eagen, as in sucht fan kontemplaasje yn de beskôgjende stilte fan it vespergebed. De bûtenwrâld lit ik efter my; fan binnen bin ik de ûnkroande kening fan de gedachte. Tinzen binne frij en ûnôfhinklik. Se litte har net twinge, hoewol’t de dichter foar in amerij myn tinken oernimt, salang’t ik syn boek iepen haw en syn fersen lês. Dan tink ik yn syn wêzen. Dan. Dan bin ik yn syn belibbing.
Boskman (De taiga fan Timmofei Sofer). Gedichten. Edwin de Groot. Utjouwerij Hispel, 2026.
Fryske bewurking, tekst oersetten troch Akkelien Berger, fan in earder skreaune resinsje oer de Nederlânske poëzybondel Taigagedichten – útjûn by Uitgeverij Opwenteling, 2025.
Friese bewerking, tekst vertaald door Akkelien Berger, van een eerder geschreven recensie over de Nederlandse poëziebundel Taigagedichten – uitgegeven bij Uitgeverij Opwenteling, 2025.

















